U gebruikt een verouderde browser. Wij raden u aan een upgrade van uw browser uit te voeren naar de meest recente versie.

Optreden Collage yn it Readtsjerkje op 21 oktober 2018.

 

 

In moaie hjerstdei yn oktober, wat sil dat besjutte foar it tal fan minsken dy’t we ferwachtsje kinne; geane se net leaver te fytsen of te kuierjen?
Dat bliik mei te fallen; om twa ûre kamen de earste minsken al del, in heal ûre foar de foarstelling rûn it  spoar!

 

Mar mei wat stuollen derby wie de tsjerke fol en hoechde net ien teloarsteld te wurden.
Collage, wat sil ik der noch oer sizze? Seis jier ferlyn bewiisde de groep al wat se wurdich binne.

 

 

No werom yn it tsjerkje setten acht froulju en fiif mânlju in prachtich stik muzyk del .

 

Der wie wêr in nij repertoire, fan popsongs  oant spirituals en alles  “close harmony”.

 

In moaie middei mei in selskip út Dokkum wêr Fryslân grutsk op wêze mei.

 

It Readtsjerkje, ist net in pronkje ?

Wolsto mear witten wat der al sa te dwaan is, klik dan hjir

Eltsenien  kent wol it dit oandwaanlike  “Tears in heaven” ; yn de Fryske oersetting en  bewurke foar dit koar wurdt dy emoasje tige goed oerbrocht. 

Itselde jildt foar “The battle of Jericho”, in spiritual, en yndied in battle, in striid tusken de mânlju dy’t opnimme sjin de froulju.  It giet der om wei! Stakkato!

 

Fierder noch nij repertoire as nûmers fan Bluf (dat skriuwe jo oars, mar it kin net oars) , Trijntje Oosterhuis,, moderne muzyk fan Eric Whitacre en de Noor Gjeilo.
Mei pianobegelieding komt alles goed út de ferve. 

 

 

Johan de Lange
Culturele Commissie

Fideo & Foto Hâns Dijkstra

De Mounestien

Het dorpshuis De Mounestien is er voor de inwoners van Readtsjerk en Munein en andere belangstellenden die er gebruik van willen maken.

 meer weten

't Readtsjerkje

Met wijdse vergezichten aan de noordoostzijde en het 'smûkskaadzjend beamtegrien' van de Trynwâlden aan de zuidwestkant staat er al eeuwenlang een bijzonder kerkje in Readtsjerk: het Roodkerkje.

meer weten

OBS Tt Kruired

Op It Kruirêd proberen wij kinderen alle kansen te geven om zich optimaal te kunnen ontwikkelen. Iedereen is er welkom met zijn eigen waarden, levensovertuiging en geloof. Er is respect voor ieders mening en overtuiging. Samen met de ouders hebben wij gekozen voor het
‘Ervarings Gericht Onderwijs’ (EGO).

meer weten