U gebruikt een verouderde browser. Wij raden u aan een upgrade van uw browser uit te voeren naar de meest recente versie.

Op lytsere skaal, mar mei it selde doel.

 

Dit jier net by de haven, mar midden yn it lân fan Klaas en Janke, fansels hat dit te krijen mei de Coronaaa. Hille de Vries wie út de tiid en Sjors en Jochum Venema krekt nei hûs foar de foto.

 

De oerfleanende Heelie hie dizze twa mannen even útlein wer de wyte party tinte stie.
Ien fan de twa (Jeroen) glundere fan fiere doe 't hy Willen stean seach mei syn mega earklep.

 

Riedslid Peter van de Hoef wie bot ûnder de yndruk fan it  Logo fan de Karbitklup, dat hy fuot syn Iphone 12 pro út bûse helle en it fêstlizze woe foar de ôfdieling fan de PVDA.

 

Dan ist no tiid foar in demonstraasje en it begjint fansels oltiid mei wetter, en dat komt dit jier út dy swarte drinkbak, grûnwetter fan 60m1 djip en sa suver as de brân.

 

De specialist fan de rvs lange buis, Willem Dijkstra, is dit jier de man fan de lidslutings en ek dat giet him hiel goed ôf.

 

Mei in hagelnije brander is Klaas wer yn syn element en sat hy seit, jo moatte relaxt en mei
net al te folle bier op san bus ôfstappe.

 

Krekt san putsje foar Wieger, de hannen en bûsen fol en sa yn ien loop oer it lân alle deksels wer nei de bussen slepe  foar de folgende ronde.

 

Jo koene it oan Peter wol sjen, hy hat mar 1 doel " ik zou dat ook wel graag willen proberen"
no foar ien keer en mei de helte minder gas en de beste earklep fan Jeroen ist goed slagge.

Yn de corona tiid moatte de pleatslike horeca keuses meitsje en moasten de mannen útwieke
nei Gytsjerk foar in waarn miel itten en ús "It " hie de grutste tassen fan souder helle sa te sjen.

Sels foar de jongste batsers sieten der wat patatsjes en lytse kroketten yn de tas.
Letter begon it lyst mantsje wol wat te eameljen, dus mem fûn dat hy noch mar efkes koese
moast , want oars hâld hy it jûn ek net sa lang fol .

De Mounestien

Het dorpshuis De Mounestien is er voor de inwoners van Readtsjerk en Munein en andere belangstellenden die er gebruik van willen maken.

 meer weten

't Readtsjerkje

Met wijdse vergezichten aan de noordoostzijde en het 'smûkskaadzjend beamtegrien' van de Trynwâlden aan de zuidwestkant staat er al eeuwenlang een bijzonder kerkje in Readtsjerk: het Roodkerkje.

meer weten

OBS Tt Kruired

Op It Kruirêd proberen wij kinderen alle kansen te geven om zich optimaal te kunnen ontwikkelen. Iedereen is er welkom met zijn eigen waarden, levensovertuiging en geloof. Er is respect voor ieders mening en overtuiging. Samen met de ouders hebben wij gekozen voor het
‘Ervarings Gericht Onderwijs’ (EGO).

meer weten