U gebruikt een verouderde browser. Wij raden u aan een upgrade van uw browser uit te voeren naar de meest recente versie.

Op zondag 22 januari 2017 om 15:00 uur, entree 10 euro met een kop koffie gratis.


Wiltsje fan Peazens

 

Se komme sa’t se binne en wolle leafst ien wêze mei it feest fan it publyk.

 

Wa is Wiltsje fan Peazens?

 

Wiltsje fan Peazens is de namme fan in in ploechje fan trije folksmuzikanten. Se hawwe har neamd nei in fiskerman dy’t foarkomt yn Siderius de Granaet, it ûnferjitlike jongereinboek oer in jonkje út Dokkum, dat skreaun is troch Abe Brouwer. It die lykwols bliken dat dy Wiltsje fan Peazens echt bestien hat, krekt as guon oare figueren út dat boek. It wie in fiskerman út Peazens. Hy ferkocht de skol dy’t troch de fiskers fan Peazens op it Waad fongen wie yn Dokkum by de Waach. Dat sadwaande it ferneamde sechje: “By de Waach stiet Wiltsje fan Peazens mei hiele grouwe skol!”

 

En wêrom’t trije manlju har neamd hawwe nei dy iene persoan? Wa wit komt dat ûnder de foarstelling noch oan ’e oarder, want de mannen spylje en sjonge net allinnich, der is ek hiel wat te fertellen.

 

 De groep Wiltsje fan Peazens bestiet no al sa lang dat de muzikanten net iens mear krekt witte wannear’t se begûn binne. Mar it is nei alle gedachten mear as tritich jier lyn. Earst bleauwen de optredens beheind ta in stikmannich nûmerkes yn it skoft by de iepenloftfoarstellings yn de Jorwerter notaristún en fansels by de neisit yn it romrofte kafee fan Jan en Eef. Mar linkendewei kaam der mear belangstelling foar harren muzyk. 

 

De groep bringt meast eigen lieten, dy’t skreaun binne troch de sjonger-fioelespiler Hylke Tromp. In protte Friezen kinne him noch as de ferreinde spylman op it dak yn Anatevka.

 

De oare twa muzikanten binne Jan Willem Bleijswijk, de sjonger-gitarist, en Joop de Jong dy’t ûnder it sjongen syn akkordeon as in master bespilet.

 

Wiltsje fan Peazens brûkt gjin mikrofoans of oare elektryske helpmiddels; se komme sa’t se binne en wolle leafst ien wêze mei it feest fan it publyk. En as de minsken sjonge wolle, dan klappe se it Frysk Lieteboek deryn.

 

Want by Wiltsje fan Peazens is it wat oars as oars. Meast komme de minsken foar de muzyk, mar Wiltsje fan Peazens komt foar de minsken.

 

De kaartverkoop (€ 10,00) begint vanaf 14.30 uur aan de ingang van het kerkje.

 

Adres “Roodkerkje”: Kerkweg 17 te Roodkerk. Reserveren is niet mogelijk, dus kom op tijd!

 

 

 

 

 

De Mounestien

Het dorpshuis De Mounestien is er voor de inwoners van Readtsjerk en Munein en andere belangstellenden die er gebruik van willen maken.

 meer weten

't Readtsjerkje

Met wijdse vergezichten aan de noordoostzijde en het 'smûkskaadzjend beamtegrien' van de Trynwâlden aan de zuidwestkant staat er al eeuwenlang een bijzonder kerkje in Readtsjerk: het Roodkerkje.

meer weten

OBS Tt Kruired

Op It Kruirêd proberen wij kinderen alle kansen te geven om zich optimaal te kunnen ontwikkelen. Iedereen is er welkom met zijn eigen waarden, levensovertuiging en geloof. Er is respect voor ieders mening en overtuiging. Samen met de ouders hebben wij gekozen voor het
‘Ervarings Gericht Onderwijs’ (EGO).

meer weten