U gebruikt een verouderde browser. Wij raden u aan een upgrade van uw browser uit te voeren naar de meest recente versie.

Havenplan Mûnein/Readtsjerk.

Er zijn een aantal ondernemers die in overleg met het bestuur van dorpsbelang het voortouw willen nemen in het waterproject  dat is terug gebracht tot de uibreiding van de haven, een bevaarbare doorgang met het bûtenfjild en de aansluiting met de toekomstige vaarroute.

 
Klik op bovenstaande foto voor het grotere PDF bestand.
Heeft u ook ideeën over deze ideeën laat dan een berichtje achter op onderstaand formulier.

Velden gemarkeerd met * zijn vereist.

Reacties

Mevr. W. Is er ook een voorziening voor een picknick ??

Dhr. B.  De windmolen is niet wenselijk qua uiterlijk en geeft veel geluidsoverlast.
Mûneinsterfeart bevaarbaar maken is prima, maar een verbreding  hiervan betekent aantasting landschapsschoon van ons prachtige dorp.

Mevr. YRB. Vindt het een goed plan. Picknick plaats is ook heel goed idee. Vindt het groene stroom idee prima en we wennen ook wel aan deze molen.
Dank voor jullie inzet.

Dhr. PvdP. Wat soe it moai wêze as der ek in plak is wêr't kano's stalt wurde kinne. Ienfâldich mei in ôfdakje en sa dat der in slot op kin.


Dhr.Z. Met belangstelling jullie plannen bekeken in de Doarpskrante Munein en Readtsjerk.
Een idee om er aan toe te voegen is een zg. camperplaats.
Dit hoeft natuurlijk niet zo lux te zijn als bij de jachthaven van Kuikhorne.
De mogelijkheid voor een stuk of 5 campers om daar een paar dagen te staan is al voldoende.
Zonder voorzieningen zou een begin kunnen zijn. Dat zou dan gratis moeten zijn.

Met één kraan voor water en een stroompaal die op munten werkt  (één paal voor meerdere campers) kan het aantrekkelijker worden gemaakt.
Nog mooier zou zijn een mogelijkheid om het toilet en de vuilwatertank te kunnen legen.
De mogelijkheid om in de omgeving en het Butenfjild fietstochtjes te maken moet dan wel onder
de aandacht van de camperaars worden gebracht.
Maar dat kan via de NKC in de ACSI- campinggids.
Een boekwerkje dat bijna iedere camperaar in zijn camper heeft liggen.

Ik hoop dat ik een bijdrage heb kunnen leveren aan jullie plannen.
 
Dhr, W

Ofrûne maitiid ha wybesluten om de stêd Grins te ferruiljen foar it Fryske plattelân. Foardat we nei Grins gongen, ha we beide de earste tweintich jier fan ús libben sliten op 'e klaai, hjir net sa fier wei. Doe we ús ferhúsplannen wrâldkundich makken oan ús famyljeleden en oan ús freonen en kennissen, krigen we nochal wat fragen oer ús ústrooid: út de stêd? nei Mûnein? Wer leit dat? Doe we foto’s fan it hûs sjen lieten, snapten de measten it nog altyd net. Pas doe se in pear wiken letter ús ferhúskaart troch de bus krigen, mei derop it skitterjende útsicht fanút ús tún rjochting it Bûtefjild snapten se ús beslút. Op 'e foargrûn wie de lytse haven mei har kleurrike boatsjes te sjen, en op 'e eftergrûn  it fraai kronkeljende wetter,de greppelrike en fûgelfreonlike greiden en it grien fan it Bûtefjild. En dat allegearre op ien plaatsje.

Foar myn wurk hâld ik mij deistich besig mei de kwaliteit fan it Fryske lânskip, en ik mat spitigernoch fêststelle dat der in prot yn omprutst wurden is yn de ôfrûne fyftich jier. It wie dan ek in verademing doe't wy dit foarjier tafallig langs it haventsje riden. M.siet efter it stjoer, en ik frege har of se efkes ôfremje woe. Sa giet dat wol faker as we tidens in toertochtsje wat moais om ús hinne sjoch. Sa ek hjir. Yn Mûnein, bei de haven. Efkes letter ûntdutsen we dat it wite húske te keap stie. En no wenje we oan it haventsje.

Jimme sille dan ek begripe dat we nochal skrokken fan de plannen die’t jimme foarige wike sneon yn de doarpskrante oan it doarp presinteare ha. We wiene der wol fan op 'e hichte dat der yn de ôfrûne jierren nochal wat plannen west ha foar de haven. In wynmûne, in sinnepark, parkearplakken en in ferljochte iisbaan, dat wie wol nij foar ús.

Wat wynmûnen oangiet, ik bin persoanlik fan miening dat je dizze blikfangers net op’t lân delsette matte. In wynmûne op't lân jout oerlêst foar de direkte omwennende, sawol lûdsoerlest as slagskaduw. En je binne alle rust yn’t lânskip kwyt omdat der altyd wat beweecht tusken de túntafels en de túnstuollen en de hoarizon op de eftergrûn. It is dan ek in lânskiplike kwaliteit fan jewelste dat jo hjir yn de Trynwâlden geniete kinne fan in prachtige oergong fan it sletten coulisselânskip nei it iepen feangreidegebied sûnder dat der in wynmûne nei jo stiet te swaaien.

Oer sinne-energy bin ik mear te sprekken. Ik fyn it in moai ynisjatyf fan jimme om Mûnein mei syn allen klear te meitsjen foar in takomst sûnder útstoot. Allinne sinnepanielen yn’t iepen fjild soe ik wis net dwaan. Jimme kinne dan better oanslute bei de al rinnende inisjatyven fan Trynergy. Sy wolle in grut oantal sinnepanielen kwyt op grutte dakken. Sadwaande kinne je in moai protsje skjinne enerzjy op in kollektieve manier binnen helje. Hjir yn Mûnein sjoch ik ek wis wol mooglikheden, en ik soe my der ek wol foar ynsette wolle.

It begjint sa stadichoan in behoarlik lang skriuwen te wurden, dus ik sil der in ein oan breidsje. It komt der yn’t koart op del dat ik it haventsje en de ferbjusterjende sichtlijn nei de greiden en it Bûtefjild derefter prachtich fyn. It is in kwetsber gebied dat no perfekt yn balâns is. Elke tafoeging soe ôfbreuk dwaan oan dit bysûndere stikje Mûnein. In ferljochte iisbaan (krije we nog winters dan?;)), in wynmûne, in sinnepark en parkearplakken realisearre op dit plak soe betsjutte dat je ôfskied nimme matte fan it moaiste wat Mûnein yn myn eagen te bieden hat oan har bewenners en oan (takomstige) besikers. Ik hoopje foar  ús as bewenners fan de Dokter Kijlstrawei, mar ek foar alle fytsers en kuierders die’t steefêst efkes stopje by it passearren fan it haventsje, dat der hiel foarsichtich mei dit moaie stikje Fryslân omsprongen wurd. Ik woe ôfslute mei te sizzen dat ik it moai fyn dat jimme as bewenners it foartou naam ha om Mûnein leefber te hâlden. Dat de kroech iepenbliuwt is deryn fansels belangryk, en ik hoopje dat jimme in kreative manier fine om de kroech iepen te hâlden, sûnder dat der al te folle yngrepen wurd yn it prachtige dekôr derefter.

                                                                                                                                                                            

De Mounestien

Het dorpshuis De Mounestien is er voor de inwoners van Readtsjerk en Munein en andere belangstellenden die er gebruik van willen maken.

 meer weten

't Readtsjerkje

Met wijdse vergezichten aan de noordoostzijde en het 'smûkskaadzjend beamtegrien' van de Trynwâlden aan de zuidwestkant staat er al eeuwenlang een bijzonder kerkje in Readtsjerk: het Roodkerkje.

meer weten

OBS Tt Kruired

Op It Kruirêd proberen wij kinderen alle kansen te geven om zich optimaal te kunnen ontwikkelen. Iedereen is er welkom met zijn eigen waarden, levensovertuiging en geloof. Er is respect voor ieders mening en overtuiging. Samen met de ouders hebben wij gekozen voor het
‘Ervarings Gericht Onderwijs’ (EGO).

meer weten