Bauke van der Woude en Daan Schaaf yn 't Readtsjerkje
In tige noflik man, dy Bauke. Men fernaam it direkt al, tankber as hy wie dat de kommisje him holp mei it sjouwen fan de lûdsapparatuer, altiid in hiele klus. In man mei in protte kwaliteiten. Al 40 jier op it podium; en 25 jier mei Campbell Forbes. Dizze wie no mei fekânsje, mar Bauke fûn in goede ferfanger yn Daan Schaaf. In prachtige miks fan lieten, oer de leafde, ôfskied, it earste bernsbern, út fan hûs by beppe; yn Bauke syn wurden; oer it libben. Daan is Bauke syn beskieden, mar betûft begelieder op gitaar. Noch mar koart wurkje sy tegearre , mar sy binne al hielendal op inoar ynspiele. In moaie middei mei moaie libbenslessen, en dan giet it oer lessen dy’t net ferplichte binne, mar lessen oer it genietsjen fan it libben.
Johan de Lange Kultueriele Kommisje fan it Readtsjerkje
| De MounestienHet dorpshuis De Mounestien is er voor de inwoners van Readtsjerk en Munein en andere belangstellenden die er gebruik van willen maken. meer weten't ReadtsjerkjeMet wijdse vergezichten aan de noordoostzijde en het 'smûkskaadzjend beamtegrien' van de Trynwâlden aan de zuidwestkant staat er al eeuwenlang een bijzonder kerkje in Readtsjerk: het Roodkerkje. meer wetenOBS Tt KruiredOp It Kruirêd proberen wij kinderen alle kansen te geven om zich optimaal te kunnen ontwikkelen. Iedereen is er welkom met zijn eigen waarden, levensovertuiging en geloof. Er is respect voor ieders mening en overtuiging. Samen met de ouders hebben wij gekozen voor het meer weten |