Bretelers yn it Readtsjerkje op snein 17 novimber 2019.
Hjoed, yn ús smûke tsjerkje, is der in “wrâldprimeur”; de offisjiële coming out fan Gerrit mei soan Hylke op gitaar en stim en om it hielendal in famyljebarren te meitsjen, kandidaat-skoansoan Durk Slager op elektriese gitaar.
Hylke is noch mar santsjin en stiet noch wat ûnwennich op it podium. Mar hy presentearret him manmoedich foar it each fan it grôtfolle Readtsjerkje. Durk is al in yn it sâlt bebiten gitarist en mei Peter van der Zwaag op piano soargje sy foar in prachtige muzikale omlisting fan de Bretelers. Peter, in echte professional, dy’t bekende Nederlânske artysten begeliedet, jout it gehiel ekstra schwung mei jazzy ymprovisaasjes, wylst Durk geweldich solearret op syn gitaar. Hoewol Gerrit foar in grut part bekend repertoire sjongt, û.o. it Requiem foar syn heit, is syn waarme stim noch altied hiel bysûnder. Syn Leonard Cohen-êftige lûd en sfear kleuret moai mei de heldere stim fan Hylke. Gerrit is sichtber grutsk op him. It repertoire is ôfwikseljend; de songs fan de âlde master, mar ek popsongs (Hotel California; Durk wie út syn dak gien as it oan him lein hie, mar hy pastte him oan , tink ik, oan it selskip en de akoestyk fan de tsjerke), in prachtich nûmer fan Cat Stevens, folksongs en in Fryske oersetting fan in song fan Leonard Cohen. Dat al mei al in slagge middei mei wêr is in âlderwetsk folle seal. Tekst Johan de Lange Foar de prachtige foto's fan Peters Nieuws klik hjir. | De MounestienHet dorpshuis De Mounestien is er voor de inwoners van Readtsjerk en Munein en andere belangstellenden die er gebruik van willen maken. meer weten't ReadtsjerkjeMet wijdse vergezichten aan de noordoostzijde en het 'smûkskaadzjend beamtegrien' van de Trynwâlden aan de zuidwestkant staat er al eeuwenlang een bijzonder kerkje in Readtsjerk: het Roodkerkje. meer wetenOBS Tt KruiredOp It Kruirêd proberen wij kinderen alle kansen te geven om zich optimaal te kunnen ontwikkelen. Iedereen is er welkom met zijn eigen waarden, levensovertuiging en geloof. Er is respect voor ieders mening en overtuiging. Samen met de ouders hebben wij gekozen voor het meer weten |