U gebruikt een verouderde browser. Wij raden u aan een upgrade van uw browser uit te voeren naar de meest recente versie.

Nei fyftig jier by Soldaat yn 't spier
is Durk no út it wurk.

It is hjoed 50 jier ferlyn dat Durk hjir op syn giele brommer, mei giele klompen en fansels in
giele helm op de kop by Rom Soldaat oan it wurk rekke.

Op syn féste plakje yn de autospuiterij fan Soldaat hat Durk in hiele protte auto's út de Trynwâlden en fier der bûten keal hawn en wer as nei  ôflevere.

Hy wit it noch as de dei fan juster, dat hy mei Rom en Gerrit oparbeide en sa as hy sels seit,
ist ek net muoilik om dat te ûnthâlde mei sokke grutte foto's út die tiid om dy hinne.

Wat is der moaier dan op je lêtste wurkdei sa'n lyts restaurearre juwieltsje nei bûten te skowen.
It weintsje sit tiptop yn de lak en is sa strak as in iel.

 

Mei de kont tsjin de swarte klep, foar syn lykwicht docht hy no offisjeel foar de lêste keer syn overall út.

 

De boel goed efter litte en de plamuurmessen, die’t hy 50 jier lyn op syn earste wurkdei fan Rom krigen hie, geane sûkerskjin mei nei hûs.

 

De âld baas Gerrit Soldaat lit Durk net mei lege hannen nei hûs gean.

Jonge baas Romke  hat it ek goed mei Durk foar en skoot him in flesse ta wer 't hy wol ried mei wit sa te sjen. Tineke Soldaat hat wol yn gaten wat der yn dy mannen omgiet.

De giele brommer is in kreas fytske wurden, de klompen binne út de tiid en syn gele helm sil der ek wol net mear wéze.

It is moai west, no earst thús de boel wat opknappe en mei droech waar op de rappe racefyts de wrâld yn, der mar net in slach om hinne, seit Durk , want ik moat eins net in nacht fan hûs.

Folle wille noch nei dizze goeie wurksume tiid !

 

 

 

 

De Mounestien

Het dorpshuis De Mounestien is er voor de inwoners van Readtsjerk en Munein en andere belangstellenden die er gebruik van willen maken.

 meer weten

't Readtsjerkje

Met wijdse vergezichten aan de noordoostzijde en het 'smûkskaadzjend beamtegrien' van de Trynwâlden aan de zuidwestkant staat er al eeuwenlang een bijzonder kerkje in Readtsjerk: het Roodkerkje.

meer weten

OBS Tt Kruired

Op It Kruirêd proberen wij kinderen alle kansen te geven om zich optimaal te kunnen ontwikkelen. Iedereen is er welkom met zijn eigen waarden, levensovertuiging en geloof. Er is respect voor ieders mening en overtuiging. Samen met de ouders hebben wij gekozen voor het
‘Ervarings Gericht Onderwijs’ (EGO).

meer weten