U gebruikt een verouderde browser. Wij raden u aan een upgrade van uw browser uit te voeren naar de meest recente versie.

Prachtige middei fol blaasmuziek mei Fryslân Brass

 

 

Alle banken beset, de kreake fol, sa’n 80 minsken hearden nei it wolkomswurd fan
Culturele Commissielid Johan de Lange.

Dernei gie it los mei in prachtich stik, Gaudete, Verheugt U.
Wat tapaslik op dizze tredde Advintssnein! It publyk geniette sichtber.

 

Fryslân Brass bestiet út muzikanten die’t harren spoaren ryklik fertsjinne ha yn de Fryske topbrassbands, u.o. Brassband De Wâldsang, De Bazuin Oenkerk, Soli Brass.
Ferskate blazers fertsjinje har brea yn de Fryske muzykwrâld as muzykdosint, dirigent, oaren dogge hiel wat oars bygelyks notaris, ambtner of directeur fan in grutte undernimming.

 

De muzyk klonk allegear as in klokje, al hiene de musici it wat krap yn it koor fan ’t Readtsjerkje. Krystferskes, Russische muzyk, Bulgaarse dûnsen, wat kaam der wat foarby! Alles waard ek nochris troch de leden op humoristyske wize oan elkoar praat.

 

Prachtich wie ek Little Drummer Boy mei yn de haadrol slachwurker Sierk Bosgraaf.

Tige tank, mannen fan Fryslân Brass! It wie geweldich! Wa’t in stikje hearre wol, druk op it reade knopke, set it lûd oan en genietsje!
Moaie Krystdagen!

Tekst: Grytsje Dijkstra

De Mounestien

Het dorpshuis De Mounestien is er voor de inwoners van Readtsjerk en Munein en andere belangstellenden die er gebruik van willen maken.

 meer weten

't Readtsjerkje

Met wijdse vergezichten aan de noordoostzijde en het 'smûkskaadzjend beamtegrien' van de Trynwâlden aan de zuidwestkant staat er al eeuwenlang een bijzonder kerkje in Readtsjerk: het Roodkerkje.

meer weten

OBS Tt Kruired

Op It Kruirêd proberen wij kinderen alle kansen te geven om zich optimaal te kunnen ontwikkelen. Iedereen is er welkom met zijn eigen waarden, levensovertuiging en geloof. Er is respect voor ieders mening en overtuiging. Samen met de ouders hebben wij gekozen voor het
‘Ervarings Gericht Onderwijs’ (EGO).

meer weten