U gebruikt een verouderde browser. Wij raden u aan een upgrade van uw browser uit te voeren naar de meest recente versie.

Ûntbleating ikoan Sint Martinus yn 't Readtsjerkje.

Op saterdeimoarn 10 novimber wie der in bisûndere gearkomste yn 't Readtsjerkje. It wie de dei foar Sint Maarten, en dizze dei wie útkoazen om de ikoan fan Sint Martinus te ûntbleatsjen. Dizze ikoan is makke troch mefrou Wies van der Meer út Lekkum. Sy wie mei har lêzing oer ikoanen alris te gast op in culturele middei yn it tsjerkje. Nei oanlieding fan dat ferhaal is der troch it bestjoer besletten om in ikoan troch har meitsje te litten. 't Readtsjerkje is nammentlik wijdt oan de Hillige Martinus, dit falt te lêzen op it opskrift fan de klok, die't getten is yn 1307. 

De oanwêzigen lústerden nei de iepening troch foarsitter Doeke Dijkstra, nei mefrou Gerbrich Gerbrandy die't fertelde oer de skiednis fan it tsjerkje, oer it opskrift op de klok, oer har syktocht nei it sarcofaagdeksel. 

Dernei kaam de nije boargemaster fan de gemeente Dantumadiel, de heer Klaas Agricola,  oan it wurd. In ferteller pur sang en hy naam ús mei nei it ûntstien fan ikoanen. Oan him de eare it doek fan de ikoan heljen en sa kaam de moaie foarstelling foar it ljocht.

Nei it skoft fertelde keunstenares Wies van der Meer oer it meitsjen fan har ikoan.

't Readtsjerkje hat mei dit keunstwurk in pronkstikje oanskaft wat meikoarten in moai plakje krijt yn it haltsje fan de tsjerkesaal.

In grutter ferhaal is te lêzen yn de kommende doarpskrante.

 

 

 De ûntfangst mei in bakje kofje.




Gerbrich Gerbrandy oan it wurd.

 

De ûntbleating fan de ikoan troch boargemaster Klaas Agricola .




Keunstenares Wies van der Meer, foarsitter Doeke Dijkstra
en boargemaster Klaas Agricola.



De nije oanwinst: Sint Martinus foar de stêdspoarte dielt syn heale mantel mei de bidler.

 

Bewûndering foar it keunstwurk.

 

In kopke kofje mei gebak en in praatsje.


Wies van der Meer mei de útlis oer de ikoan die't sy makke hat.

 

In blomke as tank.

 

Wies van der Meer mei har kreaasje, sjuch ek op http://www.icoonatelier.nl/

 

Teksten: Grytsje Dijkstra

Fotografy: Hâns Dijkstra

 

De Mounestien

Het dorpshuis De Mounestien is er voor de inwoners van Readtsjerk en Munein en andere belangstellenden die er gebruik van willen maken.

 meer weten

't Readtsjerkje

Met wijdse vergezichten aan de noordoostzijde en het 'smûkskaadzjend beamtegrien' van de Trynwâlden aan de zuidwestkant staat er al eeuwenlang een bijzonder kerkje in Readtsjerk: het Roodkerkje.

meer weten

OBS Tt Kruired

Op It Kruirêd proberen wij kinderen alle kansen te geven om zich optimaal te kunnen ontwikkelen. Iedereen is er welkom met zijn eigen waarden, levensovertuiging en geloof. Er is respect voor ieders mening en overtuiging. Samen met de ouders hebben wij gekozen voor het
‘Ervarings Gericht Onderwijs’ (EGO).

meer weten