U gebruikt een verouderde browser. Wij raden u aan een upgrade van uw browser uit te voeren naar de meest recente versie.

Nei 100 doarpskranten Ut de twa doarpen is ôfskie naam fan haadredakteur Piet de Vries.

 

In buske mei in muzikante, in groepke froulju op de fyts en in fotograaf. Dit illustere selskip wie freedtejûn te sjen op de Finne yn Oentsjerk. Ûnder begelieding fan de muzikale klanken fan Jetske Annema rûn dizze optocht nei it hûs fan Piet de Vries.
Piet hie de 100ste doarpskrante fan Mûnein en Readtsjerk makke en dat wie syn lêste oandiel as haadredakteur fan Út de twa doarpen. Sûnt 1995 hat Piet him ynset foar de doarpskrante fan Mûnein en Readtsjerk.

 



 

Redaksjeleden Ankie Galama, Grytsje Dijkstra, Hiltsje Heida en Jinke Stoker hiene dit coronaproof ôfskie betocht en sa rûnen se troch de túndoar fan Piet en Anneke de Vries de tún yn.

 

 In ferraste Piet die’t de hiele dei al op de nije doarpskrante sitten hie te wachtsjen.

Nei in speech fan Grytsje mocht hy einlings it 100ste nûmer oanpakke.

Dit is spannend, want yn it djipste geheim is de foarkant gearstald.

Bewûnderjend beseach Piet mei Anneke it 100ste nûmer wat foar dizze kear fullcolor is en... mei Piet op de foarkant.

In dûbeldik nûmer mei in jubileum-oersjoch fan 99 nûmers.

Piet hâldt wol fan in fûgeltsje, in beamkrûperke wat altyd sitten bliuwt as oantinken oan de doarpskrante.

Ek mei de kadootsjes wie Piet tige ynnaam en sprekt syn tankwurd út.

Noch in sankje op de oprit, mei Ankie, Hiltje, Jetske, Grytsje, Jinke en Fardau.
As redaksje fan Út de twa doarpen ha wy in protte bewûndering foar Piet, die’t altyd mar wer soarge dat de doarpkrante in krante is om grutsk op de wêzen. Wy sille him misse, mar gean fol faasje fierder, op nei de 200!
Teksten Grytsje Dijkstra

De Mounestien

Het dorpshuis De Mounestien is er voor de inwoners van Readtsjerk en Munein en andere belangstellenden die er gebruik van willen maken.

 meer weten

't Readtsjerkje

Met wijdse vergezichten aan de noordoostzijde en het 'smûkskaadzjend beamtegrien' van de Trynwâlden aan de zuidwestkant staat er al eeuwenlang een bijzonder kerkje in Readtsjerk: het Roodkerkje.

meer weten

OBS Tt Kruired

Op It Kruirêd proberen wij kinderen alle kansen te geven om zich optimaal te kunnen ontwikkelen. Iedereen is er welkom met zijn eigen waarden, levensovertuiging en geloof. Er is respect voor ieders mening en overtuiging. Samen met de ouders hebben wij gekozen voor het
‘Ervarings Gericht Onderwijs’ (EGO).

meer weten