U gebruikt een verouderde browser. Wij raden u aan een upgrade van uw browser uit te voeren naar de meest recente versie.

Bern yn de beamen.

It is al in pear jier oan de oarder: skoalbern geane mei minsken fan Landschapsbeheer Fryslân by de beamwallen del om mei te helpen by it ûnderhâld. It is in initsjatyf fan de Noardlike Fryske Wâlden en dit jier wie it by de pleats Jan Vijferda yn de Mûnein mei de skoalbern fan Burdaard.
Sjuch it foto ferslach hoe it om en ta gie.

 

As ik der hinne fyts sjuch ik Betty Kooistra al mei de bern by wat jongfé stean.
Beide groepen fine it tige neischjirrich.

Der wie earder al in lesboek op skoalle útdield en behannele, dat de bern wienen al wat tared op wat komme soe.

Spitich, tinke de kei, it wie wol gesellich sa krekt.

Mar de bern moatte wer fierder, hjir is Betty dwaande se wat te fertellen oer de beamen, planten en de bisten yn dizze âlde singel.Oan dizze beamwâl is te sjen dat de kei fan Jan helpe om de takke flak te snoeien.

It komt der op oan om sa’n grauwe toeke der ôf te seachjen. Mar om beurten en dan komt it wol klear.

En dan moatte dy ôfseage takken ek noch wat lytser makke wurde,
se hawwe it der mar drok mei.

Dan is it tiid foar wat drinken, kofje foar de grutten en wat oars foar de bern. Ek wat ite want se binne hjir de hiele dei.

Nij de kofje is de âld skuorre mei syn liemen flier en grutte bynten wer yn de rêst. Hjir stiet noch in âlde mourre fanút de tiid dat de pleats bouwt wurden is.

Dizze muorre is noch fan âlde friezen makke liket it wol.

In boerewein kipet om de hoeke fan de iepensteande skuorre doarren.

Oan de breed útwaakseme krún fan dizze els is te sjen dat de beam wol 60 oan’t 70 jier âld is. Dit soarte âlde beamen bliuwe der hieltyd minder oer.

Smelle damkes en in ûnflak lân mei útwâlde greppels,wêr fynsto dat noch yn de Trynwâlden?

In grutte kop-hals-romp pleats fan ... jier âld. Noch nea wat oan feroare.

De moaie dobbe fol mei stjonksigaren oan de kanten. Dit is in plant dy’t foar ferlâning soarget, it ticht groeien fan de dobbe as der net op tiid hekkele wurdt.

Nei de kofje wer oan de slach. De dobbe wurdt bewûndere en bepraat. It is noch in âlde fé-dobbe mar wurdt sa net mear brûkt. It fé kin de kanten fertraapje.

Sa oer it lân skaaiend is te sjen dat dit noch nea oer de kop skoart is, sa lang as de Trynwâlden bestiet. Ek hjir is wer in groepke bern te sjen as ik nei hûs ta fyts.

De Mounestien

Het dorpshuis De Mounestien is er voor de inwoners van Readtsjerk en Munein en andere belangstellenden die er gebruik van willen maken.

 meer weten

't Readtsjerkje

Met wijdse vergezichten aan de noordoostzijde en het 'smûkskaadzjend beamtegrien' van de Trynwâlden aan de zuidwestkant staat er al eeuwenlang een bijzonder kerkje in Readtsjerk: het Roodkerkje.

meer weten

OBS Tt Kruired

Op It Kruirêd proberen wij kinderen alle kansen te geven om zich optimaal te kunnen ontwikkelen. Iedereen is er welkom met zijn eigen waarden, levensovertuiging en geloof. Er is respect voor ieders mening en overtuiging. Samen met de ouders hebben wij gekozen voor het
‘Ervarings Gericht Onderwijs’ (EGO).

meer weten