U gebruikt een verouderde browser. Wij raden u aan een upgrade van uw browser uit te voeren naar de meest recente versie.

Krystsfear yn 't Readtsjerkje, Kryst is lichtfeest mei
Tetsje van der Kooi


Mei in tekken fan snie op it hôf en de krystljochtsjes oan kaam it publiek al foar it konsert yn de Krystsfear. Quintus Sirag fan Culturele Commissie Readtsjerkje hiet op fleurige wize it publiek wolkom. Fansels ek de artiesten fan de dei, Tetsje van der Kooi, sopraan, Wytske Holtrop, chello, Rianne Jongsma, fluit en Jacco Lamfers, piano.


Al yn it earste liet, Ding dong! Merrilly on high mocht it publiek meisjonge.
Gloria Hossanah in excelsis! Wat klonk it prachtich yn it lytse tsjerkje.


It wie genietsjen fan Tetsje har moaie stim en de instrumentalisten, wat spiele Rianne geweldich op har fluit en wat in klankfol instrument is in chello, Wytske tsjoent der de moaiste klanken út.


Rianne Jongsma op fluit mei Sicilienne op. 78 fan Gabriël Fauré, net te leauwen, sa moai!


Sopraan Tetsje van der Kooi kin skitterend sjonge, wat in stim! Sa no en dan lit se tagelyk in klokje rinkelje (mei in leppeltsje)


In kar fan lietsjes stie op it program, fan klassiek oant Frysk, fan Russysk oant Sweedsk. Wat binne der in protte moaie krystlieten! Fansels ek Stille Nacht, werby it publiek meisjonge mocht.


Jacco Lamfers is de fêste begelieder fan Tetsje van der Kooi en hy spiele Christmas Day op piano, genietsjen wie dat.

 


Fan Wytske Holtrop hearden we Salut d'Amour fan Edward Elgar. Wat is it in topper, net foar neat kriege hja dit jier yn july de Fryske Emmy Award foar talinten útrikt. Se helle dit jier ek har master, cum laude, oan de Haute Ecole de Musique de Genève. En dit famke wie gewoan te belústerjen yn 't Readtsjerkje. Wa't der net wie hat beslist wat mist!


It wie al mei al in top Krystkonsert yn 't Readtsjerkje! Tige tank oan de artiesten!

Foar wa't Tetsje en har musikale freonen dochs noch hearre wol, fan 22 oant en mei 24 desimber binne hjir en dêr yn Fryslân konserten yn it ramt fan WARchild. Sjoch op tetsjevanderkooi.nl
Ek yn it Readtsjerkje waard gul jild yn de pot foar WARchild smiten.

Tekst Grytsje Dijkstra
Fotografie Hans Dijkstra

 

 

De Mounestien

Het dorpshuis De Mounestien is er voor de inwoners van Readtsjerk en Munein en andere belangstellenden die er gebruik van willen maken.

 meer weten

't Readtsjerkje

Met wijdse vergezichten aan de noordoostzijde en het 'smûkskaadzjend beamtegrien' van de Trynwâlden aan de zuidwestkant staat er al eeuwenlang een bijzonder kerkje in Readtsjerk: het Roodkerkje.

meer weten

OBS Tt Kruired

Op It Kruirêd proberen wij kinderen alle kansen te geven om zich optimaal te kunnen ontwikkelen. Iedereen is er welkom met zijn eigen waarden, levensovertuiging en geloof. Er is respect voor ieders mening en overtuiging. Samen met de ouders hebben wij gekozen voor het
‘Ervarings Gericht Onderwijs’ (EGO).

meer weten