Topmiddei yn ‘t Readtsjerkje mei rasartyste Inez Timmer.By de yngong fan de saal krige it publyk de folder Vijf minuten voor aanvang. Te plak op de kreake wie der tiid om dizze te besjen. Ús stie te wachtsjen in solomusical weryn de ynternasjonale sjongeres/aktrise Inez Timmer har ferhaal oer roem, glitter en glamour fertelle sil. It koar efter it hekje yn it Readtsjerkje wie omboud ta in Sy set har efter de kaptafel en is dwaande har gesicht op te meitsjen. Undertusken hearre wy út de lûdsprekker dat it hast tiid is om op te kommen. Panyk, spanning, in tillefoantsje op it allerlêste momint.....
Inez fertelt yn har show oer har libben...har heit, har skoalletiid, har ferleafdheden, har lerares wêzen en har move nei werom yn de skoallebanken op har twaentritichste...op it Conservatorium voor lichte muziek yn Hilversum. As se ôfstudearre is... komt it artystenbestean.
Alle fertelsels siert sy op mei moaie lieten.
Mear as fjirtich jier hat dizze frou op grutte poadia stien. De earste rol wie yn Joop van den Ende syn earste musical Cyrano de Bergerac.. en wat kamen der in protte efteroan. Inez spiele yn Eastenryk, Dútslân, Nederlân en sels yn New York. Oan alles sit wol in moai ferhaal en liedsjes út die tiden. Wat in breed ferskaat kin dizze artyste sjonge, fan Ierse ballad mei dravende hynderkes oant stimmige ferskes.
Ferhaal út The Beauty and the Beast
Publyk yn aksje: meidwaan: huis, dokter, vrienden, gynaecoloog, kroeg.
It wie al healwei seizen doe’t wy it tsjuster ynsetten mei in moaie middei efter de rêch. In ferfolch, diel twa, sit der misskien ek noch wol ris yn, sei Inez. Ik soe sizze lit jim dat net ûntkomme, sa tichteby yn Readtsjerk. It is dochs bjusterbaarlik dat in artyst die’t de hiele wrâld oer west is, graach yn ús lytse tsjerkje har ferhaal fertelt. Tige tank Inez! Oant in oare kear! Teksten Grytsje Dijkstra Fotografy / Fideo Hans Dijkstra | De MounestienHet dorpshuis De Mounestien is er voor de inwoners van Readtsjerk en Munein en andere belangstellenden die er gebruik van willen maken. meer weten't ReadtsjerkjeMet wijdse vergezichten aan de noordoostzijde en het 'smûkskaadzjend beamtegrien' van de Trynwâlden aan de zuidwestkant staat er al eeuwenlang een bijzonder kerkje in Readtsjerk: het Roodkerkje. meer wetenOBS Tt KruiredOp It Kruirêd proberen wij kinderen alle kansen te geven om zich optimaal te kunnen ontwikkelen. Iedereen is er welkom met zijn eigen waarden, levensovertuiging en geloof. Er is respect voor ieders mening en overtuiging. Samen met de ouders hebben wij gekozen voor het meer weten |