U gebruikt een verouderde browser. Wij raden u aan een upgrade van uw browser uit te voeren naar de meest recente versie.

 

Quarte Forte yn 't Readtsjerkje  snein 26 Novimber.

 

Foar my bysûnder, om’t ik sels jierren lang de saks bespile ha,  mar dan yn in jazz-formaasje en dêrneist yn in Big Band.

Dit kwartet opponearre him mear op de klassike tour. Hiel bysûnder om‘t op dit mêd net folle skreaun is foar saksofoan. It ynstrumint ferskynt pas om 1840 hinne, dat sadwaande.
Ein 19e iuw kaam der muzyk foar dit ynstrumint, foaral fan Frânske komponisten.

Begjin jierren tachtich wie ik fuortendaliks “ferkocht” doe’t ik tenorsaksofonist Andy Mackay fan de popgroep Roxy Music hearde op ien fan myn grammofoanplaten mei as gefolch dat ik de oare deis in saks yn ’e hûs hie.

De waarmte fan it lûd, de klankkleur, luts my oer de streek.

 

 Dizze kear in bysûnder optreden; fan in saksofoankwartet.

 

Dan dit kwartet; alhiel formearre út jongerein út Fryslân. En dan dy miks fan fjouwer fan dy klanken …

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

En samar onferwachs kloppe der ien op de tsjerkedoar , it wie good old Ben út Oentsjerk. 
Al hiel op de fyts út Ljouwert, mar  Ben is mei syn 86 jier super fit en noch moai op tiid.
Yn waar en wiin, jo sjuche him altiid op syn ombouwde mountenbike ûnderweis.

 

Se gongen Mozart te liif, yn in bewurking,  om de earder neamde reden, “die Königin der Nacht”…prachtich    en dat wie te sjen by myn buorren.

Mear klassike stikken as Carmen, in opera fan Bizet; de Marche funèbre fan Saint-Saëns mei prachtige dissonanten - spile yn de ferlege kwint, foar de leafhawwers - dy’t de dûns fan de liken op it tsjerkhôf ferbylden. De grize gie je oer de grouwe…

Mar ek hjoeddeiske muzyk as de Slow Tango fan Astor Piazzolla, muzyk bekend fan it houlik fan Willem Alexander en Maxima. Dêrneist noch in stik komponearre troch de tenorsaksofonist fan it kwartet.

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

Lia harren kofje is bysûnder en krekt sa as dit kwartet,is hja ek fan alle merken thús, 
dus it wie genietsje foar elkenien!

Meer witte fan Quatre Forte, hjir even klikke  “klassiek” saxofoonkwartet .

 

De Mounestien

Het dorpshuis De Mounestien is er voor de inwoners van Readtsjerk en Munein en andere belangstellenden die er gebruik van willen maken.

 meer weten

't Readtsjerkje

Met wijdse vergezichten aan de noordoostzijde en het 'smûkskaadzjend beamtegrien' van de Trynwâlden aan de zuidwestkant staat er al eeuwenlang een bijzonder kerkje in Readtsjerk: het Roodkerkje.

meer weten

OBS Tt Kruired

Op It Kruirêd proberen wij kinderen alle kansen te geven om zich optimaal te kunnen ontwikkelen. Iedereen is er welkom met zijn eigen waarden, levensovertuiging en geloof. Er is respect voor ieders mening en overtuiging. Samen met de ouders hebben wij gekozen voor het
‘Ervarings Gericht Onderwijs’ (EGO).

meer weten