U gebruikt een verouderde browser. Wij raden u aan een upgrade van uw browser uit te voeren naar de meest recente versie.

 

It binne krekt lytse bern, joo moatte der goed op passe.

 

 
Mei lij wetter en poeiermolke makket Henk sawat twa liter itten klear foar de fiif jonge geitsjes.

 

Hjoed binne der treie famkes en warempel ien jongkje om te helpen mei it fuorjen fan syn pronkjes.



 

In hiele aardigheid, de beesjes witte wer 't ut út komt en de bern witte wer 't ut yn mat en de rest giet fansels, en sa 't Henk wol faak ropt " de fles omheag hâldeuuuuu"

 

Ek dit mantsje mat even om 't hoekje loere by de froulju hoe at je dat noo krekt dwaan moatte.

 

Femke kriget fan Henk de leafste op skoat, fansels op in âlde hândoek foar it griemen, want dy keunstmolke is raar guot yn de klean.

 

Hja hat der goed slach fan sa te sjen, want marjolein, sa ist geitsje neamt hat it oe sa nei it sin.

 

 

De jongste fan 't hiele spul, in bokje dy 't doopt is mei de namme Andries, kriget it meast fan allegearre en Amber moat de flesse ek noch in moai skoftsje omheech hâlde.

 
Anne Fleur hat mei Henk de grutste dwarsbongel de fles joen, want grut wurden is by de famielju Heida in must.

 

Dizze lytse leit it leafst wat by de lampe yn in dik pak strie, mar der mankeert him neat hjer.

 
Finn hat ynienen mem har tilefoan te pakken en wol sil syn heit wol us even sjen litte wat foar moais hy hjoed meimakke hat, want yn it architekten kantoor komme gjin geiten.

 

 

En dat Oma sjen lit dat jo net allinich mei in hûn en in kat kroepe kinne, dat mat Anne seker fan syn soan hearre.

Oare bern kinne fansels by Henk en Hiltsje ek altiid it hiem oprinne mei heit as mem om dit in keer mei te meitsjen, meastal om in oere as fjour.

 

De Mounestien

Het dorpshuis De Mounestien is er voor de inwoners van Readtsjerk en Munein en andere belangstellenden die er gebruik van willen maken.

 meer weten

't Readtsjerkje

Met wijdse vergezichten aan de noordoostzijde en het 'smûkskaadzjend beamtegrien' van de Trynwâlden aan de zuidwestkant staat er al eeuwenlang een bijzonder kerkje in Readtsjerk: het Roodkerkje.

meer weten

OBS Tt Kruired

Op It Kruirêd proberen wij kinderen alle kansen te geven om zich optimaal te kunnen ontwikkelen. Iedereen is er welkom met zijn eigen waarden, levensovertuiging en geloof. Er is respect voor ieders mening en overtuiging. Samen met de ouders hebben wij gekozen voor het
‘Ervarings Gericht Onderwijs’ (EGO).

meer weten