Grutte jonkjes op lytse brommers
Sa as gewoanlik is by Bob de efterdoar iepen en de lucht fan farske kofje komt je temjitte, mar dizze kear is der ek oar pittich kribeltsje yn de noastergatten en dat is syn spesjaliteit,
It earste lis fan de Mounehoekje hinnen is foar Folken en dy is sa roppich dat er net op de oaren wachtsje wol. Syn buorman flybket der hast oer, mar sil noch krekt even tiid dwaan matte.
It is my net dúdlik wurden werom oft de gerdinen ticht sieten, want dat hoegd net oft hja moarns foar in bakje kofje komme, mar al rille gau kamen wat fleskes op tafel miskien koe dat it deiljocht net ferneare ?
Sa te sjen is de snackpointman Arjen, suver wat ûnder de yndruk fan Bob syn kwaliteiten en
De reislieder joech oan dat der fiif minuten wiene om de konsumpsjes yn ’t liif te skowen en Bob woe de letste aaien ek wol oan Folken slite, mar dat pakte oars út.
De reislieder hat it mar drok, no wer mei syn nijste soleks app foar de rûte nei appelskea mar gek genôch wol fia driezum en wouterswoude.
Dieter is sûnder moffen út ein set , mar de hovenier Johan en flierren spesjalist Enne hawwe de fingerseinen bot ynpakt.
Arjen en Pieter, de blues brothers fan dizze gesellige klup hawwe de dei fan harren libben, de mûlshoeken skuorre hast ut sa'n wille hawwe dy twa. Ferskûle efter it rut stiet bob harren nei te sjen mei de triennen yn de eagen, want ek hy hat in hiele moaie soleks mar nei dizze gesellige boel ek in oanrjocht fol ôfwosk. Anneke wy even nei har suster om kofje gien, jammer jonge mar dat is lot fan in kroechbaas. It wie foar de klup in moaie lange rit, mei meastal de wyn yn de reach en fia Skûlenboarch, Eeastermar, Droecheham, Houtigehage binne hja yn de Haule by Tante Nel delstrutsen. Op twadde peaskedei binne hja thús brocht yn in feewein, neffens de mannen sa grut dat der ek wol fyftich soleksen yn koene.
| De MounestienHet dorpshuis De Mounestien is er voor de inwoners van Readtsjerk en Munein en andere belangstellenden die er gebruik van willen maken. meer weten't ReadtsjerkjeMet wijdse vergezichten aan de noordoostzijde en het 'smûkskaadzjend beamtegrien' van de Trynwâlden aan de zuidwestkant staat er al eeuwenlang een bijzonder kerkje in Readtsjerk: het Roodkerkje. meer wetenOBS Tt KruiredOp It Kruirêd proberen wij kinderen alle kansen te geven om zich optimaal te kunnen ontwikkelen. Iedereen is er welkom met zijn eigen waarden, levensovertuiging en geloof. Er is respect voor ieders mening en overtuiging. Samen met de ouders hebben wij gekozen voor het meer weten |