U gebruikt een verouderde browser. Wij raden u aan een upgrade van uw browser uit te voeren naar de meest recente versie.

Ikonen yn 't Readtsjerkje

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

Wies van der Meer, ôfkomstig fan Lekkum, is hielendal yn de ban fan dizze ôfbyldings, dy’t in lange skiednis hawwe.

 

 

 

Eartiids yn it âlde Egypte wie Toet-Ankh Amon einliks al in soarte fan ikoan; in ôfbylding fan in  “godlik” persoan, yn dy tiid.

 

Yn it Byzantijnske Ryk en de tiid fan Alexander de Grote waarden foaral Hilligen as Marije (Maria) en Ingelen  ôfbylde.

 

En noch wer letter gie mei de kulturele útwikseling en hannel  mei oare lannen de keunst nei Ruslân, benammen nei Kiev, doedestiids de haadstêd. Noch wer dêrnei nei Moskou doe’t dat de haadstêd waard. De bylden hiene in dúdlike funksje: De Ingel benammen beskerme jo tsjin ûnheil en gefaar.

 

 

De hjoeddeiske útdrukking ”Hy hat in ingelsje op syn skouder” hat dêr alles mei te krijen, tink.
En Maria hat yn de Roomske Tsjerke noch altiten de funksje fan treast yn drege tiiden.

Al yn de iere midsiuwen waarden troch it Konsily, in rie fan biskoppen yn it Vaticaan, strange regels makke, hoe’t de Hilligen ôfbylde wurde moasten, de foarm, de kleur, alles waard fêstlein.               

De ikoanen fan hjoed de dei sjogge der noch itselde út as doe.

Ik soe hast ferjitte dat Wies sels in entûsjast skilder fan ikoanen is, dêr’t in tal fan yn it Readtsjerkje te pronk steane. 
Se reizget foar ynspiraasje dan ek hiel wat lannen ôf. 
Se makket har ikoanen yn opdracht fan gewoane minsken,  mar ek fan tsjerken, dy’t har wol witte te finen.
Sa hawwe bygelyks de tsjerken fan Jirnsum en Earnewâld  wurk fan har  yn harren besit.
Se hâldt har ek oan de regels, lykas neamd, en brûkt allinne  natuerlike kleurstoffen, dy’t se sels ta in goede miks mingt.

 

 

In prachtich ferhaal foar in lyts mar bot ynterresearre publyk.

 

As spesjale gast sjongde Hindrik Visser Russyske lieten, dy’t goed yn de sfear pasten fan de foarstelling.

 

Johan  de Lange

Culturele Commissie van  het Roodkerkje 
Fotografie Hâns Dijkstra

 

De Mounestien

Het dorpshuis De Mounestien is er voor de inwoners van Readtsjerk en Munein en andere belangstellenden die er gebruik van willen maken.

 meer weten

't Readtsjerkje

Met wijdse vergezichten aan de noordoostzijde en het 'smûkskaadzjend beamtegrien' van de Trynwâlden aan de zuidwestkant staat er al eeuwenlang een bijzonder kerkje in Readtsjerk: het Roodkerkje.

meer weten

OBS Tt Kruired

Op It Kruirêd proberen wij kinderen alle kansen te geven om zich optimaal te kunnen ontwikkelen. Iedereen is er welkom met zijn eigen waarden, levensovertuiging en geloof. Er is respect voor ieders mening en overtuiging. Samen met de ouders hebben wij gekozen voor het
‘Ervarings Gericht Onderwijs’ (EGO).

meer weten