U gebruikt een verouderde browser. Wij raden u aan een upgrade van uw browser uit te voeren naar de meest recente versie.

In blokje om of ist in sneintemiddeiskuier

 

By Jan en Marieke Sikma krije hja de folle laach, de kjeld giet dwers troch it sneinske  broekje hinne.

 

 

De oprop yn de letste doarpskrante hat wol dúdlik west en de gemeente jout it grutte foarbyld.
In tiid lang wie de Foppe tinte fan Pier en Lamkje en it temjitte kommende ferkear net te sjen troch de lege begroeiïng, der is no aardich romte makke.

 

 

Ek oan de noardkant fan de Swarte Broek hat men aardich húshâlden yn de beammen, it hiele boskje is der ôf meant en men hat foar it reit langs in wâlbeskoeiïng  pleatst.

 

De gemeente dantumadiel  sil wol tocht  hawwe, wat dy mannen út Burgum kinne dat  hawwe wy ek wol yn de fingers .
De lju oan de koaiwei  kinne no aanst de elektryske sloepkes oan kommen sjen troch de mûneinster feart opwei  nei de haven fan ‘e Mûnein.

                               

Nei  sa'n  lange kuier en de hiele tiid wat tsjin josels lulle,  derfan krije jo fansels in drûche  mûle.
It is dan ek tige moai dat Bob, at hy net oan faren is, ús prachtige kafee it Mounehoekje iepen hat.
Der feroarit hast neat yn dizze bysûndere kroech, de gasthear hat altiid wol in praatsje en eelke is nea te beroerd om ien wei te jaan.

Der wiene snein net folle minsken op in paad oars hiene der wol mear oan de stamtafel sitten.
It Mounehoekje behâlde, wa wol dat no net, sa'n moai antiek plakje yn ús Mûnein, aanst allinnich noch mar te finen by it SCET  ??( Stichting Cultureel  Erfgoed Trynwâlden)

 

De Mounestien

Het dorpshuis De Mounestien is er voor de inwoners van Readtsjerk en Munein en andere belangstellenden die er gebruik van willen maken.

 meer weten

't Readtsjerkje

Met wijdse vergezichten aan de noordoostzijde en het 'smûkskaadzjend beamtegrien' van de Trynwâlden aan de zuidwestkant staat er al eeuwenlang een bijzonder kerkje in Readtsjerk: het Roodkerkje.

meer weten

OBS Tt Kruired

Op It Kruirêd proberen wij kinderen alle kansen te geven om zich optimaal te kunnen ontwikkelen. Iedereen is er welkom met zijn eigen waarden, levensovertuiging en geloof. Er is respect voor ieders mening en overtuiging. Samen met de ouders hebben wij gekozen voor het
‘Ervarings Gericht Onderwijs’ (EGO).

meer weten