U gebruikt een verouderde browser. Wij raden u aan een upgrade van uw browser uit te voeren naar de meest recente versie.

Krystliet, a Christmas Carol fol koperwurk

 

 

Manmachtich wiene de minsken op snein 18 desimber ôfkaam op it ferhaal fan Scrooge wat útfiert wurde yn it Readtsjerkje.
Inisjator Doeke Dijkstra ferwolkomme middeis en jûns in folle tsjerke.

 

 

Tsien muzikanten út Readtsjerk lieten ûnder lieding fan dirigint Sietse Hamersma tusken it ferhaal troch moaie krystlieten hearre.

 

 De ferteller (Albert van der Ploeg) en Scrooge (Hedzer de Jong) op 'e tekst.

 

 Men koe in spjelde fallen hearre, sa oandachtich lústere it publyk.

     
Anneke van der Kooi as de Geast heech op de preekstoel.

 

 Willem van der Leest spiele de stjerren fan de himel yn Santa Baby.

 

Nei in adembenimmend Stille Nacht wat ynset wurde troch Korien van der Burg op althoorn en
Willem van de Leest op cornet, en fierder begelaat wurde troch it orkest wie in ein kaam oan twa prachtige útfieringen.

 

In steande ovaasje fan de oanwêzigen as tank foar de moaie útfiering.


Ynkoarten, om kryst hinne, komt der in fideo fan dizze bysûndere foarstelling op dizze webside.

Teksten: Grytsje Dijkstra
Fotografy: Hâns Dijkstra

De Mounestien

Het dorpshuis De Mounestien is er voor de inwoners van Readtsjerk en Munein en andere belangstellenden die er gebruik van willen maken.

 meer weten

't Readtsjerkje

Met wijdse vergezichten aan de noordoostzijde en het 'smûkskaadzjend beamtegrien' van de Trynwâlden aan de zuidwestkant staat er al eeuwenlang een bijzonder kerkje in Readtsjerk: het Roodkerkje.

meer weten

OBS Tt Kruired

Op It Kruirêd proberen wij kinderen alle kansen te geven om zich optimaal te kunnen ontwikkelen. Iedereen is er welkom met zijn eigen waarden, levensovertuiging en geloof. Er is respect voor ieders mening en overtuiging. Samen met de ouders hebben wij gekozen voor het
‘Ervarings Gericht Onderwijs’ (EGO).

meer weten