Optreden Collage yn it Readtsjerkje op 21 oktober 2018.
In moaie hjerstdei yn oktober, wat sil dat besjutte foar it tal fan minsken dy’t we ferwachtsje kinne; geane se net leaver te fytsen of te kuierjen?
Mar mei wat stuollen derby wie de tsjerke fol en hoechde net ien teloarsteld te wurden.
No werom yn it tsjerkje setten acht froulju en fiif mânlju in prachtich stik muzyk del .
Der wie wêr in nij repertoire, fan popsongs oant spirituals en alles “close harmony”.
In moaie middei mei in selskip út Dokkum wêr Fryslân grutsk op wêze mei.
It Readtsjerkje, ist net in pronkje ? Wolsto mear witten wat der al sa te dwaan is, klik dan hjir Eltsenien kent wol it dit oandwaanlike “Tears in heaven” ; yn de Fryske oersetting en bewurke foar dit koar wurdt dy emoasje tige goed oerbrocht. Itselde jildt foar “The battle of Jericho”, in spiritual, en yndied in battle, in striid tusken de mânlju dy’t opnimme sjin de froulju. It giet der om wei! Stakkato!
Fierder noch nij repertoire as nûmers fan Bluf (dat skriuwe jo oars, mar it kin net oars) , Trijntje Oosterhuis,, moderne muzyk fan Eric Whitacre en de Noor Gjeilo.
Johan de Lange Fideo & Foto Hâns Dijkstra | De MounestienHet dorpshuis De Mounestien is er voor de inwoners van Readtsjerk en Munein en andere belangstellenden die er gebruik van willen maken. meer weten't ReadtsjerkjeMet wijdse vergezichten aan de noordoostzijde en het 'smûkskaadzjend beamtegrien' van de Trynwâlden aan de zuidwestkant staat er al eeuwenlang een bijzonder kerkje in Readtsjerk: het Roodkerkje. meer wetenOBS Tt KruiredOp It Kruirêd proberen wij kinderen alle kansen te geven om zich optimaal te kunnen ontwikkelen. Iedereen is er welkom met zijn eigen waarden, levensovertuiging en geloof. Er is respect voor ieders mening en overtuiging. Samen met de ouders hebben wij gekozen voor het meer weten |