U gebruikt een verouderde browser. Wij raden u aan een upgrade van uw browser uit te voeren naar de meest recente versie.

Optreden fan Meri Khojayan en Robert Poortinga
op snein 24 maart 2019 yn 't Readtsjerkje


Muzyk ferbynt. Somtiden kin men dat wol hiel letterlik nimme.
Robert Poortinga fûn syn leafde - en leafste Meri yn de muzyk.
Hy spilet piano en Meri fioele. Tegearre spylje gie goed dat se trede no al tsien jier op.


In pear jier lyn binne se troud.
Robert is opgroeid yn Damwâld en hat muzyk studearre yn Grins, Georgië en de V.S.
Hy hat dêr ek optredens fersoarge.


Meri komt út Armenië wer’t sy muzyk studearre en derneist ferskate priizen wûn.
Sy hat spile yn Azië, Europa en de V.S. Tsjintwurdich studearje en wenje sy tegearre yn Turijn, Itaalje. Op it programma yn it tsjerkje stiene wurken fan Mozart, César Frank, Schumann en noch in Spaans stik as tajefte.


It sil heve: Robert makket efkes eachkontakt mei syn Meri en de muzyk baarnt los.

 

In krêftich lûd fan piano en fioele streamt de tsjerke yn. It docht bliken dat sy tige op elkoar ynspile binne. Ik bin as ‘pageturner”, de man die’t blêdsiden omslacht, frege - hiel spannend, want dit haw ik nea earder dien. De supersnelle passaazjes op de piano binne hast net by te hâlden. Hiel bysûnder om neist in artyst te sitten, de konsintraasje spat der ôf (fan Robert fansels), mar ek by de snelle stikken straalt hy grutte rêst út.

Nettsjinsteande it moaie waar en in protte oanbod yn de regio kaam der aardich wat publyk op ôf.
Sjoen it applaus in goede tiidsbesteging fan de sneintemiddei.

 

Johan  de Lange

Culturele Commissie fan 't Readtsjerkje.

 

 

De Mounestien

Het dorpshuis De Mounestien is er voor de inwoners van Readtsjerk en Munein en andere belangstellenden die er gebruik van willen maken.

 meer weten

't Readtsjerkje

Met wijdse vergezichten aan de noordoostzijde en het 'smûkskaadzjend beamtegrien' van de Trynwâlden aan de zuidwestkant staat er al eeuwenlang een bijzonder kerkje in Readtsjerk: het Roodkerkje.

meer weten

OBS Tt Kruired

Op It Kruirêd proberen wij kinderen alle kansen te geven om zich optimaal te kunnen ontwikkelen. Iedereen is er welkom met zijn eigen waarden, levensovertuiging en geloof. Er is respect voor ieders mening en overtuiging. Samen met de ouders hebben wij gekozen voor het
‘Ervarings Gericht Onderwijs’ (EGO).

meer weten