U gebruikt een verouderde browser. Wij raden u aan een upgrade van uw browser uit te voeren naar de meest recente versie.

xSinterklaas is wer yn 't Mounehoekje west gelokkig.

 

Freed let op de joen kaam de Sint en syn Pieten dweil troch wiet oan yn  Gytsjerk.
Erik Bergsma en ús eigen boargemaster Jeroen Gebben, dy 't in joene mei wie op oefening, hienen de boat út Spanje hast nei de boaiem spuite yn 't havenstje.

 

 

Gelokkig hiene hja droeche klean mei en nei in nacht yn de waarme kazerne kin de ploech nei Mûnein.

 

Fansels wie it Marco wer dy 't betocht dat Sinterklaas wol even yn de brandweerauto troch de Trynwâlden koe en sa nei Mûnein.

 
It hiele doarp wie en stie by it Mounehoekje en hja songen en hja sprongen en wiene ek noch blij.

 

It dak gie der ôf, sa loed stie de sirene en de frachtwein we sa fol ,dat der ek in Pyt op dak moast.

 
Dizze Sinterklaas is der foar iederien, jong en âld, dus mei Fransje earm yn earm de seal yn.

 

Ek hjir kaam it plafond hast del, sa songen de bern en de ien wie noch moaier yn de klean as de oare.

 

 

Dy lytste helppyt fan de Mûnein hie syn moaie tekening wat lytser makke, mar dat hindere neat.

 

It wie in gesellige boel, de swarte pyten diene oars net as struie mei pipernúten en de alders wiene drok mei harren Aai Fooons yn de slach.

 

Oan alles komt in ein, mar heal wei de seal sjucht Sinterklaas in bekende en flustert har noch krekt even yn 't ear dat dit lytse famke it oare jier ek even by him op skoad sitte mei.

 

It wie in lange dei en sa at it de letste jieren giet, krije de Sint en syn Pyten in goed miel waarm itten, dernei in sterk bakje kofje mei in  30% flaakske derby, yn 't âlde flaaksfebriek fan Frank en Arjanne.

De Mounestien

Het dorpshuis De Mounestien is er voor de inwoners van Readtsjerk en Munein en andere belangstellenden die er gebruik van willen maken.

 meer weten

't Readtsjerkje

Met wijdse vergezichten aan de noordoostzijde en het 'smûkskaadzjend beamtegrien' van de Trynwâlden aan de zuidwestkant staat er al eeuwenlang een bijzonder kerkje in Readtsjerk: het Roodkerkje.

meer weten

OBS Tt Kruired

Op It Kruirêd proberen wij kinderen alle kansen te geven om zich optimaal te kunnen ontwikkelen. Iedereen is er welkom met zijn eigen waarden, levensovertuiging en geloof. Er is respect voor ieders mening en overtuiging. Samen met de ouders hebben wij gekozen voor het
‘Ervarings Gericht Onderwijs’ (EGO).

meer weten