U gebruikt een verouderde browser. Wij raden u aan een upgrade van uw browser uit te voeren naar de meest recente versie.

Optreden fan Piter Wilkens, Miranda van Kralingen en Liesbeth Vreeburg yn it Readtsjerkje op 25 maart 2018

Pieter Wilkens is in graach sjoene artyst yn it Readtsjerkje;  yn 2010 wie er hjir ek.  

Ek Miranda van Kralingen hawwe wy faker noch sjen en foaral hearre kind yn it smûke tsjerkje.

En no tegearre yn ien programma – “Ode aan de natuur en de liefde”- mei ek noch in bejeftige  harpiste, Liesbeth Vreeburg.                                                                                                                           

Piter, jierren ferlyn troch de LC  de ambassadeur fan de Fryske taal neamd, nimt de seal al gau foar him yn. It nûmer “Myn greidelân” sil de measten bekend wêze. Mar live is dochs wat oars as fan in lûdsdrager as in cd. “Blau is de himel,  dizich de moarn”, sa as hy it bringt kin dat mar ien en jo sjogge it lânskip foar jo.

Dat selde lânskip wurdt slim bedrige en mei Miranda bringt hy oertsjûchjend it liet: “Jou it troch”. In pleit foar duorsumens. As dêr it tema leafde en natoer net by inoar komme…

Miranda libbet har út yn in tal fan âlde Ingelske en Skotske lieten begelied troch Liesbeth op de harp, lykas it fan Simon en Garfunkel bekende “Scarborough Fair” en noch bekender tink: “Greensleeves”, in nûmer út de 15e ieu.  It giet oer de leafde, fansels en  meastentiids rint dy fataal ôf.. .

Ik soe it harpspyljen fan Liesbeth Vreeburg hast ferjitte, mar dat soe wol tige ûnrjochtlik wêze; ek solo komt har ynstrumint geweldich ta utering mei tank oan de akoestyk fan it Readtsjerkje.

Ta eintsje beslút fansels “Fiiftjin knoopkes, lyts en blau”  fan Piter Wilkes, spannend oant de ûntknoping ta, mar net hielendal fansels…  

Der kaam noch in tajefte fan Piter, dy’t net te stuitsjen wie; en doe  koe eltsenien tefreden op hûs oan.

 

Johan  de Lange

Culturele Commissie van het Roodkerkje.  

 

Oeral Thús

 

In bân fan Goud

 Charlie is my Darling

 

 

De Mounestien

Het dorpshuis De Mounestien is er voor de inwoners van Readtsjerk en Munein en andere belangstellenden die er gebruik van willen maken.

 meer weten

't Readtsjerkje

Met wijdse vergezichten aan de noordoostzijde en het 'smûkskaadzjend beamtegrien' van de Trynwâlden aan de zuidwestkant staat er al eeuwenlang een bijzonder kerkje in Readtsjerk: het Roodkerkje.

meer weten

OBS Tt Kruired

Op It Kruirêd proberen wij kinderen alle kansen te geven om zich optimaal te kunnen ontwikkelen. Iedereen is er welkom met zijn eigen waarden, levensovertuiging en geloof. Er is respect voor ieders mening en overtuiging. Samen met de ouders hebben wij gekozen voor het
‘Ervarings Gericht Onderwijs’ (EGO).

meer weten